Mid-Fryslân kânsleas yn Wormer

10 feb 2013 - 17:48
  • Kuorbal

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha snein de wichtige wedstriid tsjin Groen Geel mei 25-14 ferlern. Yn Wormer begong de formaasje út Grou en Reduzum striemin oan de wedstriid. Pas by in efterstân fan 9-1 wist de ploech fan trainer Arjan Kreeft wat werom te dwaan. In lytse ynhelrace soarge derfoar dat beide ploegen de klaaikeamer opsochten by in stân fan 13-6.

Yn de twadde helte rûn Mid-Fryslân de efterstân yn oant 15-11. Doe wie it opnij Groen Geel dat de Fryske kuorballers oerklaste. By 20-12 wie de wedstriid spile.

De ploech fan trainer Arjan Kreeft mist benammen it skoarende fermogen fan oanfaller Marvin Smorenburg, dy't mei in skuorke yn syn achillespees de rest fan it seizoen net mear yn aksje komt. Mid-Fryslân stiet mei 7 punten út 11 wedstriden op it sechsde plak yn de haadklasse B. Hoogkerk hat 5 punten, GKV út Gorinchem is hikkesluter mei in punt minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)