Frysk bedriuw makket ekspo Loo

10 feb 2013 - 16:35
  • boekje eksposysje op Het Loo
  • paleis Het Loo
  • paleis Het Loo

Dicolore út Warkum hat in grutte en prestisjeuze opdracht krigen. It bedriuw mei in grutte útstalling meitsje yn paleis het Loo yn Apeldoarn. De tentoanstelling 'De koningen die Nederland bouwden' giet oer de trije keningen dy't ús lân hân hat. Der is in budzjet fan goed 700.000 euro foar.

De útstalling komt der fanwege it 200-jierrich bestean fan it Keninkryk Nederlân dit jier. Yn it paleis is fan alles te sjen, mar der wurde ek ferhalen ferteld troch bygelysk de fiktive túnman fan paleis Het Loo.

De tentoanstelling is te sjen fan oktober oant april takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)