Itzhak de Laat wint KNSB-Cup

Itzhak de Laat (argyffoto) © awfoto.nl
Shorttracker Itzhak de Laat fan Ljouwert hat sneon op syn thúsbaan op It Hearrenfean de einoerwinning yn de KNSB-Cup pakt. Yn de finalewedstriid op it iis fan Thialf waard De Laat tredde, wat genôch wie foar de einoerwinning. De winst op de lêste cupwedstriid gong nei Koen Hakkenberg, dy't tredde waard yn it einklassemint. Adwin Snelling waard twadde en einiget ek yn de einlist op it twadde plak.
By de froulju gongen de dei- en de einwinst nei Jessy Kaufman fan Shorttrack Klup Thialf.