Tsjinst parochianen op Amelân

Parochianen fan de ôfbaarnde tsjerke op It Amelân ha snein in tsjinst hân yn de Aula fan Nes. Sa'n 150 parochianen wienen dêr. Boargemaster Albert de Hoop wie mei syn frou ek oanwêzich. Pastoar Verheijen lies in brief foar fan biskop De Korte. Hy skreau 'hoop te putten uit het tabernakel, dat glanzend uit de brand tevoorschijn kwam.' De pastoar sjocht dat as in teken dat de Hear by har wie en is.
De Clemenstsjerke wie goed fersekere. De parochy en eilânbewenners hoopje op herbou fan de tsjerke. De gevels fan de muorren binne stipe.
It gebou wurdt moandeitemoarn frijjûn. Dan kin ek de seal fan De Toel wer brûkt wurde.