Frysk sukses by NK Judo -21

© stock.xchg, P. Nijhuis
Judoka's Iris Iwema en Margriet Bergstra fan Judo Topsport Steunpunt fan It Hearrenfean hawwe sneon beide in medalje pakt by it NK judo oant 21 jier. Yn de Jan Massinkhal yn Nijmegen kamen Iwema en Bergstra inoar yn de heale finale tsjin. De Fryske twastriid yn de klasse -63 kg waard wûn troch Iwema, dy't yn de finale útkomme mocht tsjin Do Velema. Mei 2 straffen tsjin 1 moast Iwema it dwaan mei sulver. Bergstra wûn op oertsjûgjende wize de striid om it brûns.
By de manlju wie der trije kear brûns foar Fryske judoka's fan It Hearrenfean. Nick Kelly waard tredde yn de klasse oant 81 kg, Niels van het Reve pakte it tredde plak yn de klasse oant 100 kg en ek Henk van Arnhem krige it brûns omhinge yn de klasse +100 kg.