Wüst wint ek 3000 m. yn Inzell

EK allround, Ireen Wüst, Thialf © awfoto.nl
Ireen Wüst hat snein de 3.000 meter wûn op de wrâldbekerwedstriden yn Inzell. Se hie in tiid fan 4.02,23. Diane Valkenburg waard twadde. Sneon stiene beide froulju yn deselde folchoarder op it poadium by de 1500 neter. Sablikova einige as tredde op de 3 kilometer. Wüst wûn net earder in wrâldbekerwedstriid op de trije kilometer. Se wûn dizze ôfstân op de Olympyske Spelen yn 2006 en fiif jier letter de wrâldtitel.
Wüst hat no 14 oerwinningen helle yn it WB-sirkwy. Dêrmei hat se Marianne Timmer ynhelle dy't oant no ta de suksesfolste Nederlânske frou wie yn de wrâldbeker.