Dieven op paad yn Snits

10 feb 2013 - 13:29
  • Ynbraak

Yn Snits hawwe fan it wykein dieven op paad west. Yn in hûs yn de Anna Paulownastrjitte wie sneon ynbrutsen. De bút bestie út sieraden, jild en elektroanika. Ek yn in hûs oan it Oud Kerkhof ha ynbrekkers sneon besocht binnen te kommen. Sneintemoarn is in ynbraak ûntdutsen yn in wenning oan De Weide. Dêr binne sieraden meinommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)