Kontrôle op oanhingweinen

10 feb 2013 - 13:05

By kontrôle op oanhingweinen hat de plysje sneon yn Drachten en op De Gordyk 60 karren besjoen. Twa bestjoerders yn Drachten krigen in boete. By ien wie it achterljocht stikken en de oar hie gjin rydbewiis E. Op 'e Gordyk binne 31 oanhingweinen besjoen. Dêr krigen fjouwer bestjoerders in bekeuring. Twa fan har hienen gjin kentekenbewiis by har, ien koe gjin rydbewiis sjen litte en by ien wie it ljocht net yn oarder.

Trefwurden: 
plysje kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)