Flylân makket boek foar kening

Waadkust Flylân © ANP XTRA
Op Flylân wurdt in boek makke foar kening Willem-Alexander. Minsken kinne dêr oan meiwurkje troch in brief te skriuwen oan kening Willem-Alexander of troch in tekening, in gedicht of in skilderij te meitsjen. Boargemaster Yorick Haan fan Flylân skriuwt sels ek in brief. Dêryn giet er yn op de relaasje tusken Flylân en it keninklik hûs en noeget er kening Willem-Alexander út om yn de kommende jierren ris in kear keningsdei op it eilân te fieren. It boek foar de kening komt op keninginnedei út.