Falske ferkeapers yn Koll'lân

Gemeente Kollumerlân
Kollumerlân warskôget ynwenners foar falske advertinsjeferkeapers. Der binne op it stuit minsken aktyf dy't sizze dat se advertearders sykje foar de gemeentegids fan Kollumerlân. Neffens de gemeente meitsje sy de gemeentegids net. Dat docht in bedriuw út Den Helder. Sadree't dat bedriuw oan de slach sil mei it binnenheljen fan advertinsjes, lit Kollumerlân dat witte op de gemeentlike webside. Undernimmers wurdt oanret om earst op de side te sjen as se frege wurde, om te kontrolearjen oft it wol om it goede bedriuw giet.