Faakst fjoerwurkboete op Skier

10 feb 2013 - 08:20

Op Skiermûntseach is de ôfrûne tiid ferhâldingsgewiis it faakst in boete útskreaun fanwege oertredingen mei fjoerwurk. Dat docht bliken út sifers fan RTL nieuws. Dat hat útsocht wêr't de ôfrûne fiif jier it faakst en de measte boetes foar útdield binne. Skiermûntseach stiet boppe-oan as it giet om boetes foar it ôfstekken fan fjoerwurk.

Neffens de sifers fan RTL Nieuws waarden de measte boetes útskreaun foar ferkearsoertredingen en barde dat it faakste yn Almere. Op it twadde plak stiet wyldpisjen. Dat waard it faakste bekeurd yn Amsterdam.

Trefwurden: 
fjoerwurk boete RTL Nieuws
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)