Hearrenfean gelyk tsjin VVV

SC Hearrenfean hat yn de slotfaze noch in punt oerhâlden oan it treffen mei VVV. De ploech fan Marco van Basten like op wei nei in safolste teloarstelling doe't âld-Hearrenfean spiler Marcel Seip yn de 68ste minút foar in 2-0 foarsprong soarge foar de ploech út Venlo. Yn de earste helte hie Nwofor VVV op foarsprong setten.
Ien minút nei de 0-2 soarge Maracek foar de oanslutingstreffer. Topskoarer Alfred Finnbogason sette yn de slotsekonden fan de offisjele spyltiid de fertsjinne lykmakker op it skoareboerd.