PKC spilet LDODK fan 'e flier

09 feb 2013 - 22:42

LDODK hie sneon neat yn te bringen tsjin koprinner PKC. De ploech út Papendrecht liet de kuorballers fan Terwispel en De Gordyk yn mineur efter: 12-25. It wie gau dúdlik dat it klasseferskil grut wie. PKC joech yn sporthal Koartsweagen in hiele protte druk op de oanfallers fan LDODK. Dy kamen net yn it spul en makken boppedat in protte flaters. Lokkich rûn de doelpuntemasjine fan PKC ek net optimaal, dat mei in 5-11 stân by it skoft wie der noch wol wat mooglik. Yn de twadde helte feroare der neat, it gong mei LDODK deselde ferkearde kant út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)