De Jong sterk op NK junioaren

09 feb 2013 - 15:18

Antoinette de Jong hat sneon har favoriterol by it NK junioaren allround op de earste dei wiermakke troch mei oermacht beide ôfstannen te winnen. Yn Den Haach notearre de rydster út Rottum op de 500 meter in winnende tiid fan 40,66. Dêrmei wie se hast in tel rapper as de nûmer twa Julia Berentschot, dy't 41,61 klokte. Leeyen Harteveld waard tredde yn 41,65.

De 1500 meter waard ek in proai foar De Jong. Mei 2.05.85 ried it 17-jierrige talint in nij baanrekôr. It sulver gong nei Reina Anema (2.07.56). It brûns wie foar Berentschot (2.08.48)

De Jong hat yn it klassemint no in foarsprong fan 1,83 punten op de nûmer twa, Berentschot. Snein stean by de froulju de 1000 en de 3000 meter op it program.

By de manlju gong de winst op sawol de 500 meter as de 3000 meter nei Gerben Jorritsma. De rider fan Gewest Fryslân wist op de 500 meter de nûmer twa Kai Verbij krekt foar te bliuwen: 36,86 om 36,89. Alexander van Hasselt helle brûns mei 37,79.

Op de 3000 meter wie Jorritsma ek de rapste. Hy ried mei 3.58,39 it baanrekôr by de junioaren A fan Kjeld Nuis út de boeken. Yn it klassemint hat Jorritsma no goed 1,6 punten foarsprong op syn konkurrint Kai Verbij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)