Nije kuiergids Waad en kust

09 feb 2013 - 13:45

Yn Amsterdam is in kuiergids presentearre as ûnderdiel fan it mear as 1200 kilometer lange kuiernetwurk by de Waadkust del. Dat wie op de fyts- en kuierbeurs yn de RAI. De gids is ûnder oare opset troch Lânskipsbehear Fryslân. Der ik ek in aparte webside by.

De kuierpaden dêr't it om giet, binne al klear. Sy lizze op de Waadeilânnen, mar ek op de fêste wâl. Yn Noard-Fryslân kuierje minsken bygelyks troch it terpelânskip.

De nije gids moat foaral kultuertoeristen lûke, mar echt hiel drok sil it net wurde, sa ferwachtet projektlieder Karin Sjoukes fan Landschapsbeheer Friesland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)