Dronken man ferskûle yn boskje

Fytser oerfallen yn fytstunnel © Omrop Fryslân
In 41-jierrige automobilist út Drachten moast freed it rydbewiis ynleverje om't er mei drank op achter it stjoer siet. Tsjûgen hiene de man riden sjoen op de Middelwyk. Om't se it net hielendal fertrouden, bellen se de plysje.
De bestjoerder siet lykwols net mear yn 'e auto doe't de plysje op it plak kaam. Neffens omstanners hie er him yn de boskjes ferstoppe. De plysje trof him dêr ek oan. De man koe net mear op syn skonken stean. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en krige in grouwe bekeuring.