Sytsma Sweins is fallyt

09 feb 2013 - 11:08
  • Sytsma Gevel- en Betonrenovaasje
  • Sytsma Gevel- en Betonrenovaasje

It bedriuw Sytsma Gevel- en Betonrenovaasje yn Sweins is fallyt. De hast tachtich meiwurkers binne freed op de hichte brocht. Neffens direkteur Aant Buisman hat it fallisemint neat mei de krisis yn de bou te krijen. De omset wie goed, mar der binne grutte flaters makke yn de boekhâlding. Dêr die út bliken dat der folle minder ferstjinne waard as tocht wie. 'Dit is hiel soer', seit Buisman.

Nije wike tiisdei wurdt it fallisemint oanfrege. Dan sil de kurator besjen hoefolle minsken oft mooglik noch even oan it wurk bliuwe kinne.

Sytsma Gevel- en Betonrenovaasje bestiet sûnt 1978. De measte personielsleden wurkje der langer as 12,5 jier.

Doarpbelang Sweins seit dat it in grutte klap is foar it doarp. Der wenje sawat hûndert minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)