'Van der Velde stookt'

Foarsitter Robert Veenstra fan Sportklup Hearrenfean hat bot argewaasje fan de krityske hâlding fan âld-foarsitter Riemer van der Velde fan de klup. Yn de Volkskrante fan sneon wurdt sein dat Veenstra Van der Velde sjocht as in âld man dy't dwaande is mei syn lêste stûpen. Veenstra sjocht Van der Velde as in yntrigant en in stokeler.
Lykas bekend wol Van der Velde in ûnôfhinklike kommisje dy't de situaasje by de klup besjocht. Hearrenfean docht it dit seizoen min. Sponsoaren rinne fuort en supporters hawwe ek skjin harren nocht.
Neffens de Volkskrante fiert foarsitter Veenstra in skrikbewâld en binne meiwurkers deabenaud foar him. It personiel skriuwt yn in brief oan de ried fan kommissarissen dat se harren slim soargen meitsje oer de situaasje by de klup.