Parsepriis foar doarpsbelangen

Vaatstra-saak op grut skerm yn kafee De Westereen © Omrop Fryslân
De Fryske parsepriis 2012 giet nei de foarsitters fan de doarpsbelangen fan De Westereen en Aldwâld. Jan Wagenaar en Sjoerd Hoekstra krije de priis om't sy in wichtich oansprekpunt wiene nei't Jasper S. oanhâlden waard as fertochte yn de saak Vaatstra.
De priis wurdt oerlange op it parsebal. Dêr sil ek de 'uit het oog, uit het hart-bokaal' útrikt wurde. Dy priis giet nei Wouter de Vries, fan de plysje Fryslân. Hy krijt de priis om't hy de media sa faak en sa goed mooglik te wurd stean wol ek al wurket er net mear yn Fryslân mar yn Grinslân.
Oanlieding foar de bokaal is it ferdwinen fan in soad ynstânsjes út Fryslân. Lykas FrieslandCampina, justysje en plysje. Dat hat grutte gefolgen foar de kommunikaasje.