Cambuur-Veendam giet net troch

De wedstriid Cambuur-Veendam giet freedtejûn net troch om't der tefolle snie op it fjild leit. Dat hat skiedsrjochter Eric Braamhaar freedtejûn besletten.
Freedtemiddei waard noch grien ljocht jûn foar de wedstriid, mar troch de sniefal fan de lêste oeren kin it no dochs net trochgean. Mooglik wurdt de wedstriid noch dit wykein ynhelle. De KNVB nimt dy opsje yn oerwaging. Neffens Cambuur-direkteur Gerald van den Belt hat dat gjin doel, mei it each op de waarsferwachting.