Beammen kapt yn Alde Feanen

08 feb 2013 - 19:23

Yn Nasjonaal Park de Alde Feanen grypt behearder it Fryske Gea op it stuit hurd yn om foar te kommen dat iepen reidlânskip ferlern giet en der allinnich in sompebosk oerbliuwt.

Yn de Princehof op in kertier farren fan Earnewâld wurdt mei in graafmasine fan goed oardel bunder sompe de boppeste laach grûn fuorthelle ynklusyf jonge beamkes. Fierder wurde al besteande boskjes foar in part fuorthelle of snoeid sadat it iepen lânskip wer foar 't ljocht komt.

De beammen groeie sa hurd troch stikstof yn de loft en trochdat it gebiet net mear geregeld en lang ûnder wetter stiet. Dêr driget de natuer dy't by in sompegebiet heart, de dupe fan te wurden. Reidsnijers helje ek hieltiten minder reid út it Nasjonaal Park. As der Europeesk jild frijkomt, wurdt nochris 25 bunder sompe op deselde wize oanpakt. It is foar it earst dat dat op sa'n grutte skaal bart yn Frysk sompegebiet.

Trefwurden: 
Alde Feanen beammen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)