Foarwerpen út WOII socht

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân
It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân is op syk nei bysûndere foarwerpen út de Twadde Wrâldoarloch. Dêrmei wol it meidwaan oan de kampanje 'De Tweede Wereldoorlog in 100 voorwerpen'. De foarwerpen moatte it ferhaal fan de oarloch en besetting fertelle.
It Kazemattemuseum hat sels ek in grutte kolleksje mar hopet mei de oprop dat iene hiel bysûndere foarwerp binnen te krijen dat in soad oantinkens opropt.