2100 besikers op Aaipop

21 apr 2003 - 00:00

Nijlân stie Peaskemoandei wer yn it teken fan it popfestival Aaipop. De kaarten wiene al wiken útferkocht en dat betsjutte dat der 2100 minsken op it tradisjonele Peaskefestival wiene.

Nij dit jier wie it rockferfier. Mei bussen koene de besikers fan fjouwer kanten ôf nei Nijlân brocht wurde en wer thús. Bands en artysten dy't optreden wiene ûnder oare Fan Batsum, Om 'e Noard, Bricquebec, Adri de Boer, Sebeare, Tsjettel, Cormick en Helder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)