210 alvestêdekuierders

15 feb 2009 - 17:24

Goed 210 kuierders ha sneintemiddei meidien oan in alvestêdekuier yn en om Weidum. Dat binne minder as de 250 dy´t ferwachte wiene, mar dat hie te krijen mei it minne waar.

De kuier is de earste fan in rige aktiviteiten dy´t de njoggentjin alvestêdegemeenten organisearje ta eare fan it 100-jierrich bestean fan de tocht. Yn febrewaris stean de gemeenten Littenseradiel, Boarnsterhim en Snits sintraal. De oare gemeenten folgje yn de rest fan it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)