21 fuotbalsupporters oppakt

01 nov 2012 - 11:30
  • Oanhâlden

De plysje hat woansdei 21 fuotbalsupporters oanholden yn de leeftyd fan 16 oant 29 jier. Tankstasjon De Horne oan de A7 by De Jouwer belle de plysje omdat in grutte groep minsken guod út de winkel stellen hie. De groep is oanholden op it parkearterrein achter it tankstasjon.

De groep kaam út Noard-Hollân en wie fan doel nei de wedstryd ONS Snits-Ajax te gean. 13 fan de 21 supporters binne fêstset op it plysjeburo. By plysje-ûndersyk die bliken dat de supporters ek nitraatbommen en oar fjoerwurk by har hiene.

Troch de arrestaasje fan de groep hat de plysje mooglik oarderproblemen by de wedstriid ONS-Ajax foarkomme kind.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)