20e Frysk jongereparlemint

26 mrt 2011 - 11:26

Yn de ôfrûne wike wie foar de 20e kear it Frysk Jongereparlemint. Skoalbern fan ferskillende Fryske middelbere skoallen mochten trije dagen lang yn de bankjes fan de Steateleden yn it provinsjehûs yn Ljouwert sitte.

De Provinsje hie 2500 euro beskikber steld foar de útfiering fan de plannen dêr't it jongerenparlemint it oer iens wurde koe. Der waard 1800 euro oan plannen útjûn. Ien fan de besluten gie oer it opknappen fan rotondes troch hoveniersbedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)