Wer prate oer fuotbalfúzje

08 feb 2013 - 15:22

Wethâlder Ekhart besiket nije wike nochris de leden fan de Ljouwerter fuotbalklup Nicator oer te heljen om dochs mei te gean yn de grutte fuotbalfúzje. Op in ynformaasjejûn tongersdei die bliken dat in grut tal leden fan dy klup in gearfoeging mei Rood Geel en VV Leeuwarden fan 'e hân wiist. Der is foaral soarch oer de takomst fan de fjilden en it kluphûs fan Nicator. It bestjoer fan dy feriening is wol foar de fúzje, de dwerslizzende leden wize op de groei, de lêste tiid, fan it tal leden.

Trefwurden: 
Ljouwert fuotbalfúzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)