Beurs Boot Holland iepene

08 feb 2013 - 15:12

Boot Holland is freed yn it WTC-Expo yn Ljouwert iepene. It is de grutste boatebeurs fan Nederlân. De organisaasje hat it net maklik hân, benammen grutte boatebouwers litte de beurs links lizze. Ek al giet it ekonomysk net goed, dochs sjogge de wettersportûndernimmers ljochtpuntsjes.

Deputearre Jannewietske de Vries en siler Pieter-Jan Postma iepenen de beurs. De organisaasje ferwachtet sa'n 40.000 besikers. Boot Holland duorret oant en mei woansdei.

Trefwurden: 
Ljouwert beurs Boot Holland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)