Marrejild nei boatsjetoeristen

No't de farwegen yn de provinsje sa goed as klear binne en de boatsjes sûnder lang wachtsjen trochfarre kinne, sille de miljoenen fan it Fryske marreprojekt no stutsen wurde yn de fêste wâl by it wetter del. De boatsjefarders moatte dêr har jild útjaan. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân binne se drok dwaande mei it meitsjen fan plannen. It giet ûnder oare om it opknappen fan doarpkes en stêden.