Selde eask yn saak Haanstra

08 feb 2013 - 14:07

De heit en soan dy't fertocht wurde fan it ferantwurdlik wêzen foar de dea fan Hannie Haanstra yn Drachten moatte tsien en acht jier de sel yn. Dat hat it gerjochtshôf freedtemiddei sein. Deselde straf is earder ek al oplein troch de rjochtbank. De heit en soan giene dêr tsjin yn berop. De 38-jierrige heit moat fanwege syn grutte rol 10 jier de sel yn, de 20-jierrige soan krige acht jier. Se ha gjin respekt hân foar it libben fan oaren, sa fynt it hôf.

Hannie Haanstra ferstoar yn septimber 2011 nei in fjochtpartij yn syn strjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)