Twadde slûs Starum fertrage

08 feb 2013 - 13:59

It slagget de oannimmer net de ferdûbeling fan de Johan Frisoslûs by Starum foar it farseizoen klear te hawwen. It projekt hat fertraging oprûn om' der ein ferline jier fersmoarging fûn waard dy't earst opromme wurde moast. Boppedat hat it oanfreegjen fan fergunnings mear tiid koste as tocht.

It oerbringen fan de betsjinning fan de âlde nei de nije slûs soe no midden yn it farseizoen dien wurde moatte. Dat betsjut tefolle oerlêst foar it farferkear en dêrom wurdt it wurk net earder dien as nei de simmer.

De twadde slûs moat in ein meitsje oan lange wachttiden en ûnfeilige sitewaasje. Doel is dat der foar it farseizoen fan 2014 wol klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)