Beboete foar swiere lading

08 feb 2013 - 11:22

De plysje hat tongersdei trije sjauffeurs beboete by in kontrôle op swier ferfier yn en om Easterbierrum. Der ride dêr frachtweinkombinaasjes dy't langer en swierder binne as regulier frachtferkear. Der is in ûntheffing nedich om der mei te riden. Fan de fjouwer kontrolearre bestjoerders hie ien net sa'n ûntheffing. Dy krige dêr in bekeuring foar en hy krige noch ien om't er te swier beladen wie. Ek op twa oare frachtweinen wie de belading te swier. Ek dy sjauffeurs krigen in boete.

Trefwurden: 
plysje kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)