Hûs fol reek troch pizza

08 feb 2013 - 10:56

Yn Holwert hat de brânwacht tongersdeitejûn in 44-jierrige bewenner út syn hûs helje moatten. Yn it hûs oan de Nijhof gie al in skoft in reekmelder ôf. De alarmearre plysje seach by oankomst dat it hûs fol reek stie en belle de brânwacht dy't de man út it hûs helle. De bewenner hie in soad reek binnenkrigen en is nei it sikehûs yn Dokkum brocht. Oarsaak fan de reek wie in oanbaarnde pizza.

Trefwurden: 
plysje brânwacht Holwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)