FNP: gjin fúzje Wetterskippen

FNP
De FNP is stroffele oer de útspraak fan Wetterskipsbestjoerslid Aaltsje Rispens dy't seit dat it Wetterskip oanstjoert op in fúzje mei de oare wetterskippen yn Grinslân en Drinte yn 2020. Rispens die dy útspraak op in sprekbeurt fan it lânboukundich wurkferbân fan de Fryske Akademy.
Neffens de FNP strookt dit net mei it belied fan provinsjale steaten en se sille deputearre steaten hjir dan ek fragen oer stelle. Se wolle witte wa't der belutsen binne by de eventuele plannen foar in Noardlik Wetterskip.