Klapbân: te swier beladen

De frachtauto dy't woansdeitejûn op de A7 in klapbân krige, wie te swier beladen. De 22-jierrige sjauffeur út it Gelderske Scherpenzeel krige tusken de rotonde fan De Jouwer en de ôfrit Aldehaske in klapbân. Resten fan de bân bleaunen op de dyk lizzen en hjirtroch rekken fjouwer auto's skansearre.
Nei de reparaasje fan de bân waard dúdlik dat de frachtweinkombinaasje fierstente swier beladen wie. De frachtauto wie goed 70 tûzen kilo, wylst 50 tûzen it maksimum is. De sjauffeur mocht net earder fierder ride as doe't de lading oerhevele wie.