Slim ûngelok op 'e Jouwer

By in ûngelok op de Geert Knolwei op 'e Jouwer is tongersdei op de neimiddei in fytster (77) fan De Jouwer slim ferwûne rekke. De frou woe de paralleldyk opfytse doe't se nei alle gedachten rekke troch in automobiliste (39) fan De Jouwer. It slachtoffer foel en rekke slim ferwûne. Se is earst nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht en dêrnei oerflein nei it akademysk sikehûs yn Grins. De plysje hat ûndersyk dien. De dyk hat in skoft ôfset west.