Nije gasliedings NE-Fryslân

07 feb 2013 - 17:07

Yn Damwâld is tongersdei in begjin makke mei it fernijen fan it gasliedingnet. It is de bedoeling dat in diel fan de gasliedings yn Noardeast-Fryslân ferfongen wurdt. Behearder Stedin wol it netwurk graach by de tiid hâlde.

In diel fan de liedings leit al mear as fyftich jier ûnder de grûn. Stedin is oant en mei 2015 dwaande mei it ferfangen fan 'e liedings. Dat kostet hast 3 miljoen euro yn it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)