Langeler yn byld by Cambuur

07 feb 2013 - 16:34
  • Art Langeler

Art Langeler is benadere troch SC Cambuur om haadtrainer te wurden. De trainer fan PEC Zwolle hat in oriëntearjend petear hân mei de Ljouwerters, mar hat dêryn oanjûn dat er no noch net oer syn takomst beslisse wol. Wol seit Langeler dat it foar him gjin probleem is om yn de Jupiler League te wurkjen. Art Langeler: "De dubbelfunctie trainer/technisch directeur is voor mij interessant."

Langeler is sûnt 1 jannewaris 2010 trainer yn Zwolle. Yn jannewaris waard bekend dat er syn ôfrinnende kontrakt by PEC Zwolle net ferlinge sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)