Gjin ynslach wjerljocht

Clemenstsjerke nei de brân © Omrop Fryslân, Alle Faber
De plysje giet noch fierder mei it ûndersyk nei de oarsaak fan de brân yn de St. Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân. Op basis fan it ûndersyk dat oant no ta dien is, kinne in tal mooglike oarsaken útsluten wurde. Der is yn alle gefallen gjin sprake fan wjerljocht dat ynslein is, koartsluting of strafbere feiten. Der binne gjin spoaren fan ynbraak of brânstichting fûn.
Undertusken wurde de muorren fan de tsjerke sa skoarre dat se net omfalle. Dat wurk duorret nei alle gedachten oant en mei takom wykein.