Afrika Cup faai foar Assaidi

18 des 2011 - 19:53

As Oussama Assaidi net gau hersteld is fan syn rêchblessuere, dan lit de Hearrenfean-oanfaller de Afrika Cup oan him foarby gean. "Als ik niet fit ben, dan heeft het geen zin om naar de Afrika Cup te gaan", sa seit er. Assaidi fûl yn de kompetysjewedstriid tsjin PSV (1-5) út mei in rêchblessuere. De oanfaller bleau yn it skoft yn 'e klaaikeamer achter. Dy blessuere oan 'e rêch spilet de Marokkaan al folle langer parten en giet mar net oer. "Ik heb pijn en weet niet waar ik aan toe ben", sa seit Assaidi. De Afrika Cup begjint op 21 jannewaris.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)