Wettersteuring yn Drachten

07 feb 2013 - 15:16

Yn Drachten hat in diel fan 'e bewenners oan it Mûnein-Noardkant tongersdeitemiddei lêst hân fan in in wettersteuring. Der kaam gjin of hast gjin wetter út de kraan. De oarsaak wie in stikkene lieding. Wetterbedriuw Vitens hat it lek wer makke. Yn 'e rin fan 'e middei krige in part fan 'e bewenners wer wetter.

Vitens warskôge dat, as der wer wetter út de kraan komt, dat earst brún wêze kin. Dat is lykwols net min foar de sûnens.

Trefwurden: 
Drachten wetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)