Aris fan it fjild spile

© Omrop Fryslân
Lasaulec Aris krige sneintemiddei basketballes yn Den Bosch. EiffelTowers wûn yn de eigen Maaspoort mei 108-69. De skea foar de Ljouwerters bleau yn it earste kwart beheind: 25-18. Nei it twadde kwart (23-15) wie der in protte dúdlik. De ôfstraffing foar Aris wie folslein yn it tredde kwart: 27-11. Nei de lêste tsien minuten joech it skoareboerd 108-69 oan. Dexter Hope en Valentijn Lietmeijer krigen yn it lêst spylminuten fan Aris-coach Erik Braal.