Nije sakebeurs giet troch

07 feb 2013 - 15:01

De alternative bedriuwekontaktdagen op 26 en 27 maart yn it WTC yn Ljouwert gean troch. Dat seit WTC-direkteur Robert Berting. Neffens him is de ynteresse fan gemeenten en bedriuwen om mei te dwaan grut genôch. Ien hal is al hielendal fol.

Begjin dit jier joech de âlde organisator fan de bedriuwekontaktdagen, Willem van Muilwijk, syn opdracht werom fanwege jildproblemen. It WTC kaam doe as alternatyf mei Trade Experience Leeuwarden, yn it koart TEL. Dielnimmers krije 30% koarting. It WTC rekkenet derop dat der winst makke wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)