Hûnepoepbakken yn Easterwâlde

Easterwâlde hat alve nije hûnestrontbakken krige yn in park oan de Prandinga. Wethâlder Jan Henk Veenhouwer sette tongersdei de lêste bak teplak.
Dêrmei moat de strontoerlêst yn it park foarby wêze. De buert hat al in stikmannich jierren syn nocht fan hûnestront. De bewenners hawwe dêrom in brief nei de gemeente stjoerd. Dy sei 3200 euro ta foar keutelbakken. De buert moat wol sels foar it leegjen en it ûnderhâld soargje.