Hearrenfean - PSV: 1-5

18 des 2011 - 18:31

SC Hearrenfean krige snein yn it Abe Lenstrastadion fuotballes fan PSV. De Eindhovenaren wûnen mei 5-1. Yn de 18e minút iepene Toivonen de demonstraasje. Matavz en opnij Ola Toivonen soargen foar in 3-0 stân by skoft. Yn de twadde helte gie it ienrjochtingsferkear troch mei doelpunten fan Wijnaldum en Marcelo. Van La Parra soarge foar de iennichste treffer foar de Feansters. De ploech fan Ron Jans hat 3 wedstriden ferlern yn dizze kompetysje; allegeare mei 5-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)