Excelsior It Bilt is útblaasd

Nei 117 jier komt der in ein oan muzykferiening Excelsior fan Sint Anne. It korps hat net genôch leden om konserten te jaan. Sels repetearje wie de lêste tiid al in tryste saak. Mei fjirtjin leden hoege der mar ien of twa siik te wêzen en it fanfarekorps kin net oefenje of optrede.
Twa jier ferlyn binne twahûndert âld-leden oanskreaun en hawwe der muzykprojekten op skoallen west. Dat hat neat opsmiten. Der is ek oerwage om by in oar korps te gean, mar dan moat der ien nij korps komme mei in nije namme. Dêr sit gjin korps op te wachtsjen.
Der komt gjin ôfskiedskonsert fan Excelsior. Guon leden fan Excelsior sille harren nei de opheffing oanslute by korps Ons Genoegen yn Marsum.