Frijspraak yn saak-Smedema

07 feb 2013 - 13:54

De seis fertochten yn de saak-Smedema binne opnij frijsprutsen. Earder kaam de rjochtbank al mei dat oardiel, omdat der gjin oertsjûgjend bewiis is dat ien fan harren de dieder is. Tongersdeitemiddei hat it gerjochtshôf de útspraak befêstige.

De seis waarden derfan fertocht yn april 2010 de 16-jierrige Redmar Smedema deaskopt en deaslein te hawwen. Dat wie by Club Q yn Noardburgum. Yn heger berop wie tsjin de haadfertochte trije jier selstraf easke, tsjin de oare fiif wurkstraffen fan goed 200 oeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)