Oerlis gaswinning Tsjûkemar

07 feb 2013 - 13:50
  • De Friese Meren

Fúzjegemeente De Fryske Marren praat tongersdei op it gemeentehûs op 'e Jouwer tagelyk mei de aksjegroepen Tegengas en Gaswinning zonder kater en mei it bedriuw Vermillion dat graach meikoarten begjinne wol mei it winnen fan gas by de Tsjûkemar. De omwenjenden fan de mar meitsje har soargen oer de gaswinning, seker no't yn Grinslân bliken dien hat dat de skea as gefolch fan gaswinning earnstiger is as oant koartlyn tocht waard.

De Fryske Marren wol de boargers dêrom yn't foar goed beskermje tsjin mooglike skea yn it gefal fan gaswinning.

Wethâlder Jan Benedictus fan Skarsterlân wol ien en oar regelje yn in konvenant. Besteande konvenanten moatte hjirfoar mooglik wat oanskerpe wurde, sa seit er. Benedictus tinkt dat it noch wol even duorje sil foardat de gemeente en Vermillion hjir út binne. Vermillion hat noch gjin fergunning foar it winnen fan gas. De Fryske Marren sil dy fergunning allinnich ôfjaan as ien en oar goed regele is, sa seit Benedictus. Yn gefallen fan skea soe in ûnôfhinklike kommisje fêststelle moatte wat de oarsaak fan de skea is en hoe heech de skea is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)