Nij skûtsje foar Huzum

Huzum krijt in nij skûtsje. It SKS-skûtsje It Doarp Huzum wurdt ferfongen troch de Sûn en Wol fan Siete Meeter. Mei it nije fartúch wol de Huzumer bemanning besykje troch te dringen ta de middenmoat fan de SKS.
It hjoeddeistige skûtsje sil ûnder in nije namme útkomme yn de C-klasse fan de IFKS. It Doarp Huzum wurdt de Sinnekening, in ferwizing nei de eardere skipper Loadewyk Meeter, dy't 'de fjirtjinde' neamd waard, nei it lêste plak dat er de lêste jierren faak behelle.