'Akwadukt A6 echt nedich'

Deputearre Poepjes giet moandei mei minister Schultz van Haegen om tafel om dy derfan te oertsjûgjen dat in akwadukt yn de Skarster Rien yn de A6 der echt komme moat. Dat wie al tasein, mar troch besunigings kiest it ryk no foar ferfanging fan de besteande brêge.
Neffens Poepjes is no in akwadukt oanlizze mar fyftjin miljoen euro djoerder as oer tsien jier in brêge ferfange. De provinsje wol soks sels ek wol foarút betelje, seit Poepjes. De rinte dy't de provinsje dan misrint, kin foar in diel op in oare wize kompensearre wurde.